Nijs  18 maart 2020

Het Imaginaire Eiland

Fanwegen it ferbod op festivals giet Oerol dit jier troch as Het Imaginaire Eiland

Om't ûntwikkelingen rap inoar folgje, is besletten de Fryske webside tydlik net te aktualisearjen. Wy wolle jo graach ferwize nei de Nederlânske webside.

Jo binne fan herte wolkom op Het Imaginaire Eiland!

Shout out!


In shout out nei alle festivals, foarstellingen en konserten dy't no net trochgean: wy libje mei jimme mei en réalisearje ús wat dit organisatoarysk en finansjeel fan jimme freget!

Oerol wurket thús

Om te soargjen dat elkenien sûn bliuwt, wurket Team Oerol oant en mei 6 april fan hûs út. It kantoar op Skylge giet ticht. Dat betsjut dat wy faaks wat minder berikber binne, mar per mail kinne wy noch in protte dwaan. Wy binne allinne op moandei, tiisdei en woansdei telefoanysk berikber fan 09:00 oant 13:00 oere.

Updates

Wy sille jimme hjir en fia ús sosjale kanalen op de hichte hâlde fan de ûntjouwingen. Wy jowe hjir ek oandacht oan makkers en artysten dy't hurd rekke wurde troch de corona-maatregels, en diele mei goede moed de gâns kreative ideeën dy't no ûntstean.

Bliuw sûn op ôfstân!

Team Oerol

Diel dizze side