Kaartferkeap

Oerol is lokkich nea folslein ferkocht. Hjir fine jo alle ynformaasje oer ús ferkeapferkeap.

Kaartferkeap

Op Oerol stiet hiel Skylge folslein yn it teken fan it festival. Ast de twa festivalterreinen, de muzikale line-up en de ekspedysjes bywenje wolst, litst dyn yntreebantsje sjen. Foar teaterfoarstellings hellest in ekstra kaartsje.

Teaterkaarten

Kaarten foar de teaterfoarstellings keapest los. Sa kinst dyn persoanlike festivalûnderfining folslein sels foarmjaan. De prizen foar de foarstellings fariearje fan €7 oant €42. Foar in tal foarstellings jildt in bernetaryf foar de leeftiid 4 oant en mei 11 jier. Tink der om, de oanjûne leeftiidskategory by de foarstellings is strikt, dus in bern fan 4 kin net nei in foarstelling foar 8+.

Foarferkeap

Hâldt de Nederlânske site yn ‘e gaten foar de foarferkeap.

Deiferkeap

By de online foarferkeap fan kaarstjes komst de term ‘Deiferkeap’ tsjin. Dit betsjut datst foar dizze foarstellings allinne op it eilân noch dyn kaartsjes helje kinst. As in foarstelling nei 14.00 oere begjint, kinst dyselde deis noch fan 10.00 oere ôf in kaartsje helje. Foar foarstellings dy’t foar 14.00 oere begjinne, kinst al in dei tefoaren by de kaartferkeap terjochte. Dit kin op de Westerkeyn en yn ‘Ons Huis’ op West-Skylge.

Hoe sit dat?

Stel do wolst op sneintemiddei om 12.30 oere nei in foarstelling dy’t op Deiferkeap stiet. Do kinst dan op sneon fan 10.00 oere ôf by de kassa in kaartsje keapje. Wolst sneintejûn om 21.15 oere in foarstelling bywenje dy’t op Deiferkeap stiet? Dan kinst op snein fan 10.00 oere ôf in kaartsje keapje.

TIP! Foar alle foarstellings yn de Deiferkeap jildt: wês der op tiid by, de fanatikelingen stean al betiid yn ‘e rige!

Snelkassa’s

Asto dy graach ferrasse litst en do wolst direkt op paad, dan kinst by de snelkassa’s op de Westerkeyn en neist restaurant ‘Het Raadhuis’ op West-Skylge kaartsjes keapje foar in foarstelling dêr’t noch kaarten foar binne én dy’t binnen trije oeren begjint.

Koarting mei dyn CJP-pas

Mei dyn CJP-pas krigest in koarting fan 20% op teaterkaartsjes. Nij dit jier is dat dyn CJP-pas online checked wurdt, troch dyn pasgegevens by dyn bestelling yn te fieren. Do kinst foar meardere CJP-pashâlders online kaartsjes bestelle, asto ek elk syn of har pasgegevens hast. Do hoechst dus net mear lâns de kassa om by it sjen litten fan dyn CJP-pas de kaartsjes op te heljen. Under de 30 en noch gjin CJP-pas? Keapje him foar €17,50 en meitsje fuortdaliks gebrûk fan de CJP-koarting.

Kaarten retoernearje

Ferkochte kaarten en yntreebantsjes wurde net werom nommen en kinne net omruile wurde. Utsûnderings binne foarstellings dy’t net trochgeane, of wannear’t in foarstelling ôfbrutsen is foardat de helte fan ‘e foarstelling dien is (bygelyks troch min waar). Yn dat gefal wurdt in spesjale retoer-kassa ynrjochte.

As dyn yntreebantsje skansearre is, kin Oerol allinne ferfanging oanbiede ast dyn stikkene yntreebantsje meinimst.

Yntreebantsje: dyn tagong ta it festival!

Hast online in kaartsje foar Oerol kocht? Dan krigest in voucher tastjoerd dy’tst persoanlik yn ‘e fearboatterminal yn Harns en op it havenplein op West-Skylge omwikselje kinst foar in yntreebantsje.

Yn ‘e foarferkeap kostet in yntreebantsje € 26,-
Op it festival kostet in yntreebantsje € 30,-
Foar bern (1 o/m 11 jier) yn ‘e foarferkeap € 5,- en op it festival € 7,-

Diel dizze side